Zoekresultaten
Resultaat 81 - 100 (van 193)
Klaas Bruinsma | Pablo Neruda Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
yn de Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma
Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einiget de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dy’t yn syn eigen lân sjoen...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (174 MB) | Elikser, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Friduwih Riemersma | Tryntsje van der Steege | Eric Hoekstra Klassikers yn de (Fryske) literatuer
Live út de Skierstins
Sympoasium ûnder de titel 'Alde Meuk?' mei trije lêzings oer klassikers yn de Fryske literatuer. Friduwih Riemersma: Tiids tosk vs ikonoklasme Oer de rol fan klassikers yn ús kulturele libben. Gauris ha wy it oer klassikers, ek as wy it nét oer boeken ha. Mar wat makket in klassiker eins in klassiker? Wêrom ha wy klassikers, en binne dy algemien of yndividueel bepaald? Is in kanon wat oars as in rige klassikers? Kinne wy ús eins in wrâld sûnder klassikers foarstelle? En hoe soe dy der dan...
Westerlauwers Fries | 1 uur 27 minuten (76 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Ep van Hijum Muoike klaptut
en oare koarte ferhalen
Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as "Het donkere bos" foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha. Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen... échte ferhalen! En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan. Wat dat is? Dan silst nei it boek hearre moatte... Inhoud 1. Tsja, wat dan 2. It swit op e foarholle 3. Dit moat oars 4. In drokte fan komsa 5. Nuver, hear 6. Geartsma de utjouwer 7. Fereale a 8. Fereale...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (138 MB) | Koperative Utjouwerij, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Edgar Allan Poe | Willem Schoorstra | Aant-Jelle Soepboer | Geart Tigchelaar Fryske horror
Grouwélige ferhalen - Live registraasje
Ferhalen fan de Fryske Horrortoer 2014, organisearre troch útjouwerij Regaad Grins Bernlef, Easterwierrum de Tysker, Bitgummole Ons Huis, Dokkum Zero, Burgum Kiehool. Douwe Kootstra bringt in huveringwekkende stoarje út de Wâlden, dat him oan en by de Goddeleaze Singel ôfspilet, by wat no Noardburgum hyt. Willem Schoorstra skreaun it ferhaal Chill, dêr't it op in horribele wize mis giet. Gjin ferhaal om koart foar in jûntsje stappen te hearren. Aant Jelle Soepboer makke spesjaal foar dizze...
Westerlauwers Fries | 1 uur 41 minuten (95 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Tiny Mulder Tin iis
Ferhalen oer de Dútske besetting (1940-1945) bliuwe almeast by anekdoates. Dêr is lykwols noch de helte net mei sein. Wichtiger is hoe't minsken har hâlde en drage ûnder druk, hoe't se reagearje as der in berop dien wurdt op har geastkrêft en hoe't se it ferwurkje as se komme te stean foar de gefolgen as se 'ja' sein hawwe op dat berop. Yn dit boek besiket de puber Klaske Jagersma, in helder famke mei kritysk each, te beskriuwen hokker ynfloed it ynheljen fan in joadsk ûnderdûkerke, folge...
Westerlauwers Fries | 10 uur 37 minuten (546 MB) | De Tille, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong It is foar de hearen
Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea! Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte. ‘Harm, wolsto de mannen har beurs ôfnimme?’ Harm rint nei de keaplju ta...
Westerlauwers Fries | 2 uur 52 minuten (164 MB) | Afûk, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Akky van der Veer Brieven oan ús mem
Verslag door de Friese schrijfster (1943- ) in 72 brieven aan haar overleden moeder van een zoektocht op het gebied van zingeving en spiritualiteit.
Fictie
Westerlauwers Fries | 235 pagina's (ePub2, 3,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2013
E-book
Albert Camus De pest
Het uitbreken van een pestepidemie in een Noord-Afrikaanse stad met als gevolg het totale isolement stelt de bewoners voor fundamentele vragen over goed en kwaad.
Fictie
Westerlauwers Fries | 290 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2013
E-book
Hilda Talsma It geloksbern
Als een vrouw terugkomt uit het ziekenhuis, moet ze erg wennen aan het verzorgen van haar dochtertje.
Fictie
Westerlauwers Fries | 187 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2013
E-book
Meindert Schroor | Nanne Kalma | Tryntsje van der Steege | Bert Looper See, see, do wide see
Fjouwer lêzings
Sympoasium mei in ynlieding en trije lêzings oer de see yn de Fryske literatuer. Ynhâld Meindert Schroor: De see en wy. Mei de rêch nei de see Nanne Kalma: De see yn folkslieten Tryntsje van der Steege: Byldfoarming & Byldspraak. De see as dekor en as metafoar yn it Fryske proaza. Bert Looper: Dêr’t de dyk it lân omklammet. De see yn de Fryske poëzij. De lêzings binne yn it Hannemahuis yn Harns opnommen. De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, dit tredde jier fuortset troch in...
Westerlauwers Fries | 1 uur 43 minuten (95 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Trinus Riemersma De Reade Bwarre
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de Modderklauwers, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de 'Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de 'grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis...
Westerlauwers Fries | 25 uur 39 minuten (1036 MB) | Koperative Utjouwerij, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Anne Tjerk Popkema | Gebroeders Grimm De moaiste mearkes fan Grimm
Spesjaal bewurke foar bern
De mearkes fan de Bruorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Al twa ieuwen lang sprekke se jong en âld oan. 14 fan dizze klassike mearkes hat de oersetter justjes bewurke foar jongere bern. Ynhâld 1. Toarnroaske 2. Hâns en Grytsje 3. Readkapke 4. Raaplokje 5. De kikkertskening 6. Broerke en suske 7. De wolf en de sân geitsjes 8. Kening Klysterburd 9. Oegemantsje 10. Sniewytsje en Roazerea 11. Bûntepels 12. De guozzefaam 13. De sân ravens 14. Frou Holle Bron:...
Westerlauwers Fries | 2 uur 10 minuten (148 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Hylke Speerstra De treastfûgel
Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner,...
Westerlauwers Fries | 6 uur 26 minuten (439 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Doeke Sijens Sa'n tuzen blauwe skriften
biografy fan Reinder Brolsma
"Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn dochter, syn pakesizzers en oare famylje en kunde. Sa is in boek ûntstien dat in rykdom oan ynformaasje jout oer Brolsma syn libben en wurk. De skriuwer waard berne te Stiens en swalke as ferversfeint hiel...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 384 pagina's (ePub2, 14 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Paulus Akkerman Foar de lins
kar út de forhalen fan Paulus Akkerman yn de "Leeuwarder Courant" oktober 1965-maeye 1968
De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in grut en tankber lêzerspublyk fûn. Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, want Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid. Paulus Akkerman nimt yn syn ferhalen de minske foar de lins. Benammen de lytse man, de ferhûddûke minske, dy't...
Fictie
Westerlauwers Fries | 203 pagina's (ePub2, 5,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2012
E-book
Nyckle Jabiks Haisma Simmer
novelle
Als een man na een kwart eeuw uit het buitenland terugkeert naar zijn geboorteplaats op het Friese platteland, beleeft hij een intense zomer.
Fictie
Westerlauwers Fries | 51 pagina's (ePub2, 2,9 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Hessel Miedema Op 'e literaire toer
samle wurk
Bundeling van in het Fries geschreven proza, poëzie en essays van de Nederlandse kunsthistoricus (1929- ).
Fictie
Westerlauwers Fries | 134 pagina's (ePub2, 3,3 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
H.G. van der Veen De kaartlizzer
"De Kaartlizzer (1856) fertelt in skiednis fan begearte en bedroch dy't him ôfspilet yn in broeiske sfear fan rabberij, byleauwe en erotyk. It is it ferhaal fan in groeiende spjalt tusken man en wiif. Hy in bolderbast dy't it leauwe ôfsward hat, sy fynynlein, from foar de hân, bang en byleauwich. In kaartlizzer hat har foarsein dat har man stjerre en sy boerinne wurde sil, en dan begjint se út te sjen nei de dea fan har man. Troch it tapassen fan flashbacks en toanieldialogen en troch it efterhâlden...
Fictie
Westerlauwers Fries | 83 pagina's (ePub2, 2,9 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Froukje Annema Sûnder garânsje
roman
Als bij een vrouw borstkanker geconstateerd wordt, gaat zij een moeilijke periode tegemoet.
Fictie
Westerlauwers Fries | 165 pagina's (ePub2, 3,2 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
T.E. Holtrop De wylde boerinne en oar wurk
sammelbondel
Bloemlezing uit het werk van de Friese schrijver en dichter (1865-1925)
Fictie
Westerlauwers Fries | 186 pagina's (ePub2, 3,1 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book