Zoekresultaten
Resultaat 21 - 28 (van 28)
Meindert Bylsma Fan flierefluiters en droechstinners
Kremearkes
Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed. Krekt as yn mearkeboeken stappe yn dit nije boek fan Meindert Bylsma keningen, reuzen, kabouters en bisten om. It is dan ek in 'mearkeboek', mar Bylsma neamt syn ferhalen kremearkes (krekt mearkes). It binne mearkes op syn wize en hy toant him dêrby tige fantasyryk en in skriuwer dy't it boartsjen mei de taal yn it bloed sit. Dat it 'krekt net mearkes'...
Westerlauwers Fries | 4 uur 27 minuten (288 MB) | Koperative Utjouwerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Anders Rozendal Hupsakee en oare ferhalen
'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Mei it fleurige 'Farre' begjint dizze ferhalebondel, dêr't alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wifelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr't men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Guon fan 'e 60 ferhalen binne mankelyk,...
Westerlauwers Fries | 7 uur 12 minuten (314 MB) | KFFB, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Anne Feddema Skúnpútsersgúd
Liwwadder Columns
Skúnpútsersgúd is een bloemlezing uit de verhaaltjes in het Leewarders die Anne Feddema in 1985-1991 en 2002-2006 wekelijks voorlas op Omrop Fryslân. Skúnpútsersgúd is un bloemlezing úte ferhaaltsjes die Anne Feddema in 1985-1991 en 2002-2006 wekeleks foorlas op Omrop Fryslân De ferhaaltsjes binne yn de rin fan de jierren troch Anne Feddema sels foarlêzen op Omrop Fryslân radio. Opnommen by Omrop Fryslan Inhoud / Ynhâld Dortmunder Union Fisbamie Ompankoekeskip Droge húd en Disney...
Westerlauwers Fries | 2 uur 3 minuten (132 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Wieke de Haan Ophysje en delbêdzje
Ferhalenboek foar froulju
Ophysje en delbêdzje is it ferfolch op it tige suksesfolle Optriuwe en ôfbliuwe. Humoristyske ferhalen oer plastuiten, stofsûgers, kontaktadvertinsjes, fetslobberjen, weblogjende froulju, mobyltsjes, OMO-relaasjes en hygiëne op feestjes. Ferhalen De kontener De boat De ferpakking De slachsinkeninginne Eigen baas Plakke Eilânkultuer Goeienavond, mevrouw It stel Kastrûmte Lokkerke Liposuctia Mem Nútsjeguod OMO Plastuit Lampehier Puer natuer Raar waar Reade learskes Sisters in sin Skjin himd...
Westerlauwers Fries | 2 uur 56 minuten (110 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hylke Speerstra De kâlde krústocht
Yn dit boek mei nije iisferhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Ûnderweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy't op syk binne nei frijheid, gelok en bettere tiden. En nei de útdaging dy't ek op it iis te finen is... Rasferteller Hylke Speerstra (1936) hat it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein yn boeken...
Westerlauwers Fries | 6 uur 45 minuten (318 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra Sitebuorren, myn eigen paradys
Oantinkens
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr't ik my ûntjaan koe, dêr't de fantasije rom baan krije koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy't foar gjin jild tekeap is. Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Dy brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden...
Westerlauwers Fries | 6 uur 4 minuten (363 MB) | Venus, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Jan van der Leij De tiid stie even stil
Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen: Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. De skriuwer jout de werklikheid no en dan in draai dy't de lêzer ferrast of ferbjusteret. It waard my kâld oer de lea. Der lei in deade man. De stilte waard benearjend. Foar de tredde kear seach ik nei myn auto. Wat deryn dreau wie in lyk. Ik wie in pear tellen ferslein en seach Pyt freegjend oan. Dy kaam op my ta. Die de bûslampe út, en...
Westerlauwers Fries | 4 uur 15 minuten (266 MB) | Venus, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Wieke de Haan Optriuwe en ôfbliuwe
Ferhaleboek foar froulju
Ferhaleboek foar froulju dy't de uterste hâldberheidsdatum naderje, passearje of út 'e wei gean wolle. Oer alles wat ophise, bykleure en fuortsûge wurde kin, of krekt net. Oer lytse en grutte argewaasjes, skytskjinne froulju en bewarderige types. Wat raukost, sûkela, in optriuwbeha en in reserveman foar in frou betsjutte kinne. Inhoud Skytskjin Beropsgeheim De broadsjes Foar de fûgeltsjes Himmeleritis Kataboalysk Kessentsjes Spermaspul Stress-hin Uterste hâldberheidsdatum Oerdwealske winterwoartel...
Westerlauwers Fries | 3 uur 8 minuten (106 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)